Lemster wol karmerk foar parkearbedriuwen Schiphol nei skea oan eigen auto

09 aug 2019 - 16:40

Der moat in karmerk komme foar parkearbedriuwen by Schiphol. Dat skriuwt Bram Oostdijk fan De Lemmer op Facebook: "In mijn ogen moet je de juiste (keurige) bedrijven een keurmerk geven en de rest verbannen bij schiphol".

Schiphol - Foto: Shutterstock.com

Neffens RTL Nieuws is Oostdijk sels slachtoffer fan ien fan de parkearbedriuwen by Schiphol. Doe't er nei tsien dagen Italië weromkaam, krige er syn auto skansearre werom. Der sieten krassen op it dak, omdat der ferkeard gebrûk makke wie fan in waskstrjitte.

Oostdijk koe op bylden fan syn dashcam sjen dat der mei de auto troch read riden wie, stoeprânen rekke wiene mei syn felgen en dat der ferkeard oplutsen waard, sadat syn koppelingsplaten kapot rekken.

Wij willen collectief dit een halt toeroepen!

Bram Oostdijk op Facebook

Op Facebook docht Oostdijk no in oprop oan oare slachtoffers: "Wij zoeken andere slachtoffers van dergelijke bedrijfjes en willen collectief dit een halt toeroepen!"

Oostdijk hat yntusken meardere reaksjes hân: "Inmiddels hebben er meer dan 12 slachtoffers zich gemeld en willen wij collectief deze figuren voor de rechter zien te krijgen. Al is het maar om een statement te maken en schade te verhalen."

Krityk op plysje en justysje

Oostdijk leveret op Facebook ek krityk op plysje en justysje: "In Nederland blijkt het moeilijk te zijn een juist rechtssysteem te handhaven ivm een corrupt bedrijf aan te pakken."

Neffens RTL Nieuws hat de maresjaussee dit jier al 110 meldingen krigen fan problemen troch parkearbedriuwen op Schiphol.

Bram Oostdijk

(Advertinsje)
(Advertinsje)