Earste wedstriid IFKS giet net troch om hurde wyn

09 aug 2019 - 19:15

De earste wedstriid fan it IFKS skûtsjesilen giet sneon net troch. Fan alle klassen binne de wedstriden ôfsein, omdat der te folle wyn is.

De Westenwind en de Sterke Jerke - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

De wedstriid soe op de Iselmar wêze, by Hylpen. Der wurdt hurde wyn ferwachte, en dat soarget op de Iselmar foar hege weagen.

Foar snein wurdt ek in soad wyn foarsein. Dan soe der syld wurde op it Iselmar by Starum, mar de IFKS wol dy wedstriid ferpleatse nei De Fluezen. Dêr binne dan minder weagen. It hinget fan de wyn ôf oft de wedstriid dan wol of net trochgean kin.

Gefolgen skipfeart

De feroaringen ha ek gefolgen foar de skipfeart. De wedstriid fan sneon wurdt woansdei nammentlik ynhelle by Ychtenbrêge. Dêrom is de Tsjûkemar boppe de geul fan Follegea-Ychtenbrêge en eastlik fan de geul Skarster Rien stremd.

As de IFKS snein op De Fluezen holden wurdt, kin de skipfeart dan ek net op dat wetter súdwedstlik fan de Langehoekspôle en noardwestlik fan de geul fan it Johan Frisokanaal.

Trefwurden: 
skûtsjesilen IFKS
(advertinsje)
(advertinsje)