WTC begjint Business Academy

04 jul 2012 - 12:23

WTC Leeuwarden begjint in eigen oplieding foar ynternasjonaal sakedwaan. De WTC Business Academy is bedoeld foar bedriuwen dy't al ynternasjonaal wurkje of dat krekt wolle. Undernimmers wurde yn in pear dagen byspikere oer hoe't se dat yn dizze tiid it bêste dwaan kinne. Der binne ferskate trainings mei hieltyd in oar tema, lykas oer sakedwaan yn Sina of fia ynternet.

De earste kursus begjint yn oktober. De earste oanmeldings binne al binnen.

(advertinsje)