Oentsjerk no Grientsjerk

11 nov 2011 - 14:46

Oentsjerk hat sûnt freedtemoarn in oare symboalyske namme. Yn it ramt fan de dei fan de duorsumens is it doarp omdoopt ta Grientsjerk. In tal ynwenners wol besykje it doarp yn de Trynwâlden yn de takomst eigen enerzjy opwekke te litten.

Deputearre Poepjes en wethâlder Rypstra fan Tytsjerksteradiel ûntbleaten freed it tydlike plaknammeboerd Grientsjerk. In achttal doarpsbewenners hat de koppen byinoar stutsen. Se wolle net langer mear ôfhinklik wêze fan tradisjonele foarmen fan enerzjyfoarsjenning. Uteinlik moatte se de oare 1700 doarpsgenoaten ek risse foar in griene takomst.

Trefwurden: 
Oentsjerk Grientsjerk
(advertinsje)