Topfavoryt Grou foar tredde kear op rige kampioen yn SKS

09 aug 2019 - 22:40

It skûtsje fan Grou is foar de tredde kear op rige kampioen wurden fan de SKS. Yn de slotwedstriid op de Snitser Mar kaam Grou as achtste oer de finish, en dat wie genôch om it klassemint te winnen.

Grou sylde gjin bêste wedstriid. Mar omdat de Grousters yn de buert bleaunen fan De Lemmer en It Hearrenfean, en omdat de foarsprong yn it klassemint grut genôch wie, koe skipper Douwe Visser nei ôfrin in oerwinningsfeestje fiere.

Earnewâld kaam as earste oer de finish op de Snitser Mar, mar dat skûtsje kaam by de boppeste tonne yn in sitewaasje telâne mei de Heale Moanne. Earnewâld sylde oer stjoerboard, en hie dus gjin foarrang. It waard in oanfarring. De Heale Moanne protestearre.

Earnewâld hat it protest ferlern. Dat betsjut dat Akkrum de deiwinner wurden is op de Snitser Mar. De Heale Moanne is twadde wurden, en De Jouwer waard tredde. Earnewâld krijt 14 punten.

Falske start

De earste start wie massaal falsk. "Dat is begryplik", seit ferslachjouwer Freark Wijma. "It is de finale. En de start is hiel bepalend." Foar Snits wie de start dramatysk. Dat skûtsje moast de striid ferlitte nei in oanfarring mei Grou. It helmhout fan de Sneker Pan hat dat net oerlibbe.

Op de bylden fan de start is it net hiel dúdlik te sjen, de oanfarring wie achter de oare skippen.

Neffens skipper Jappie Visser fan Snits wie it syn eigen skuld. "We seagen fan tefoaren al dat we te betiid wiene. Doe woene we ús sa hurd mooglik út de fuotten meitsje en dêrtroch hinderen we Grou by de start."

"Ik sei: 'Gean der mar achterdel, dan kinne jim fierder farre', mar dat slagge krekt net, en doe rekke er krekt mei de opstekker ús helmhout. Foute boel."

Foar Snits is it in seizoen fan alles krekt net. "Dat hindert neat", seit Visser. "Hjir learing út lûke, en takom jier mar wer sjen."

Jappie Visser nei de start

De trettjin skûtsjes dy't oerbleaunen, sylden yn de earste rakken deun op mekoar. By de ûnderste tonne kaam Grou dêrtroch yn de problemen.

It skûtsje fan de Súdwesthoeke hie foarrang, en sylde Grou hielendal fuort. Hast de hiele float fleach deroer hinne.

It hie Grou it kampioenskip kostsje kinnen. Mar trochdat It Hearrenfean en De Lemmer min út de start kaam wienen, kaam Grou no by de direkte konkurinten yn de buert, yn de achterein fan de float. Dat wie yn it foardiel fan Grou.

Tonne nei tonne wie de tuskenstân oars. Grou, It Hearrenfean en De Lemmer holden mekoar yn de tange. Foar It Hearrenfean waard it hieltyd dreger om der trije skippen tusken te krijen. Dat hiene se nedich om kampioen te wurden.

Doe't Grou yn ien kear It Hearrenfean en De Lemmer foarby sylde, wie de wedstriid foarby.

Hearrenfean hat alle war dien om Grou te ferslaan, mar it is net slagge. Foar it tredde jier efterinoar einiget It Hearrenfean efter Grou. Skipper Sytze Brouwer fan Hearrenfean wurdt dêr net raar fan. "Dit wie reklame foar it skûtsjesilen."

Akkrum waard dus earste, nei in bizar kampioenskip. Skipper Pieter Meeter rûn foarôfgeand oan de wedstriid by Langwar yn tsien minuten 28 punten op.

Utslach op de Snitser Mar

1 Akkrum
2 Heale Moanne
3 De Jouwer
4 Huzum
5 De Súdwesthoeke
6 Hearrenfean
7 Grou
8 De Lemmer
9 Drachten
10 Ljouwert
11 Wâldsein
12 Langwar
14 Earnewâld
DNS Snits

Yn it klassemint einiget Hearrenfean op it twadde plak, en De Lemmer is tredde wurden.

Einklassemint SKS

SKÛTSJE NEI ÔFLÛK
1 Grou 36,7
2 Hearrenfean 38,8
3 De Lemmer 43,7
4 Akkrum 45,8
5 Huzum 52
6 Earnewâld 59
7 Heale Moanne 61
8 Ljouwert 74
9 De Jouwer 77
10 Drachten 86,9
11 De Súdwesthoeke 87
12 Snits 93
13 Wâldsein 103
14 Langwar 124

Sjoch hjirûnder nei it wedstriidferslach fan Freark Wijma.

(advertinsje)
(advertinsje)