Nicole Steigenga 24e op EK hurdfytsen yn Alkmaar

09 aug 2019 - 15:49

Hurdfytster Nicole Steigenga fan Eksmoarre is freed 24e wurden op it EK ûnder de 23 jier. De Europeeske titel by it hurdfytsen op de dyk gie nei Letizia Paternoster út Italië, foar de Poalske Marta Lach en Lonneke Uneken út Nederlân.

Foto: www.orange-pictures.nl

De 21-jierrige Steigenga demarearre mei noch fjouwer rûntsjes te gean út it peloton wei. Se krige fjouwer oare fytsers mei yn de flecht, mar se koene it peloton net foarbliuwe.

Yn de sprint wie Paternoster de bêste. Steigenga kaam op sân sekonden fan de Italiaanske oer de finish.

(advertinsje)
(advertinsje)