Jansen: “Heb zo’n zin om Chiddy hier te zien spelen”

09 aug 2019 - 15:26

Hearrenfean-oanfaller Chidera Ejuke begjint snein yn de thúswedstriid tsjin Feyenoord yn de basis. De Nigeriaan foel yn tsjin Heracles en skoarde. "Chiddy heeft alles in zich om een publiekslieveling te worden", seit Hearrenfean-trainer Johnny Jansen.

Op hokker posysje 'Chiddy' yn de basis begjint, wol Jansen net sizze. "Dat kan ik nog niet prijsgeven, dat zien jullie zondag." Ejuke kin linksbûten spylje of efter de spits. As hy linksbûten spilet, dan ferhûzet Bruijn nei de posysje efter de spits. "Dat zou kunnen."

Fuortgean Rienstra

Ejuke spilet ek omdat Ben Rienstra fuort is. Hy is ferkocht oan Kayserispor út Turkije. "Natuurlijk heb je dat liever niet. Maar jongens, welkom in onze wereld. Dat hoort erbij", seit Jansen. "Bovendien wist ik dat het al langer speelde."

Zo'n jongen kan ook doorgroeien en dan heb je helemaal geen aankoop meer nodig.

Johnny Jansen oer Hamdi Akujobi

Hearrenfean sil noch op syk nei in middenfjilder, in fleugeloanfaller en in spits. "En we moeten rekening houden met de ontwikkeling van onze eigen spelers." Hamdi Akujobi foel snein yn bygelyks. "Zo'n jongen kan ook doorgroeien en dan heb je helemaal geen aankoop meer nodig."

Ricardo van Rhijn sit wol wer by de seleksje, mar sil noch net yn de basis begjinne. Hy moat noch wedstriidfit wurde, al is Jansen bot te sprekken oer Van Rhijn. "Hij heeft sinds mei niet meer gespeeld, maar is wel fit. Afgetraind. Maar dat is nog wat anders dan wedstrijdfit. Dus hij zal eerst zijn minuten moeten maken bij de beloften."

As der blessueren binne, komt Van Rhijn wol al rapper yn oanmerking foar spylminuten.

Warner Hahn op syn plak yn Fryslân

Warner Hahn is yntusken begûn oan syn tredde seizoen by Hearrenfean. "Ik heb wel het gevoel dat ik fitter ben. Heb vorig jaar geen vakantie gehad. Toen wilde ik er meteen staan. Maar ik geloof wel dat het me nu goed gedaan heeft."

Hahn liket ek better yn foarm as yn syn begjinperioade by Hearrenfean. "Dat denk ik ook. Het voelt ook goed hier. Ben al helemaal ingeburgerd met een Friese schoonfamilie, dus je mag Fries met me praten de volgende keer."

Fermoedlike opstelling: Hahn; Floranus, Dresevic, Botman, Woudenberg; Kongolo, Faik, Bruijn; Van Bergen, Odgaard en Ejuke.

De wedstriid SC Hearrenfean - Feyenoord wurdt sneintemiddei live útstjoerd op Omrop Fryslân radio.

(advertinsje)
(advertinsje)