FIDEO: It nije graffity-stasjon Camminghabuorren

09 aug 2019 - 14:51

Keal, griis, en ferâldere. Sa sille de measte minsken it stasjon fan Camminghabuorren kenne. It is it twadde stasjon fan Ljouwert, en it is neffens de gemeente en de NS bot ta oan in upgrade. Dy krijt it stasjon no ek, mei ûnder oare in graffity make-over fan de tunnel ûnder it spoar. Fierder sil der op it stasjon sels mear romte makke wurde foar grien, komme der nije kaartsjeautomaten, en bettere ferljochting. De graffity-artiesten binne yntusken dwaande, it wurk oan it plein begjint oer twa wiken. De reizgers kinne der yn de tuskentiid gewoan del.

Harkje nei in petear mei Douwe Beimin fan Graffity Platfoarm Ljouwert

Harkje nei in petear mei Roald Schmidt fan Buro Schmidt

(advertinsje)
(advertinsje)