"It egoïsme moat derút, oars komt it op 'e kop ferkeard mei de ierde!"

Neffens in alarmearjend VN-rapport is it fiif foar tolven: as we sa trochgean, dan putte we de ierde sa bot út dat op grutte skaal hongersneed driget. "It egoïsme moat derút, oars komt it op 'e kop ferkeard mei de ierde!", wie ien fan de besoarge reaksje op de Ljouwerter freedsmerk.
© Omrop Fryslân, René Koster
Mar de measten op de merk seagen fan net op fan it nijs: "Dat witte we al lang. Boppedat soe ik sizze dat it fiif óer tolven is." En in oar: "At we su deurgaan, gaat alles naar de kloaten. Maar ja, it is de welvaart nou, dy wille we niet kwyt."
Fansels wiene der ek oare lûden: "It sil allegear wol wat tafalle, soe it net?" En: "Se fine der fêst wol wat op, Sjoch mar nei Israel, dat produsearret no al griente en fruit yn de woestyn."

By jesels begjinne

Geregeld kaam nei foaren dat we der as boarger net folle oan dwaan kinne. "It binne de grutte yndustryen en winkelketens dy't it roer omsmite moatte." In âldere frou wie it dêr net mei iens: "It begjint by josels. It egoïsme fan 'Me, myself and I', dat moat derút!"
René Koster peilde de reaksjes op de freedsmerk