4 Fryske terrassen yn Top 100

Bommel Snits
Fjouwer Fryske bedriuwen steane yn de terras Top 100. Bommel yn Snits is as heechste einige op it 42e plak. Dêrnei stiet restaurant Onder de Linden, ek út Snits. It Boalserter De Wijnberg stiet op plak 76 en de Ljouwerter Walrus stiet op it 85e plak.
De Top 100 wurdt gearstald troch Misset Horeca. Der wurdt sjoen nei kwaliteit, mar ek nei in flotte betsjinning.