Sportminister sneon te gast by Frysk kampioenskip fierljeppen

09 aug 2019 - 18:13

It Frysk kampioenskip fierljeppen yn Winsum ûntfangt sneon in spesjale gast. Minister Bruno Bruins fan Medyske Soarch en Sport bringt dan in besite oan it Frysk kampioenskip.

Foto: ANP

Bruins is yn Winsum op útnûging fan kommissaris fan de Kening Arno Brok. Dy hat dat yn gearwurking mei it Frysk Ljeppers Boun besletten. De wedstriden yn Winsum begjinne sneon om 13.30 oere.

De minister hie earder al tasein graach yn 'e kunde te kommen mei de Fryske sporten. Ferline jier wie Bruins ek by it kampioenskip skûtsjesilen fan de SKS.

FK fierljeppen live by Omrop Fryslân

Op sneon 10 augustus is it Frysk kampioenskip fierljeppen fan 13.30 oere ôf live te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. De presintaasje leit dy dei yn hannen fan Gerrit de Boer. It kommentaar komt fan Freark Wijma en Bart Helmholt skoot by beide oan as analist en ko-kommentator. Foar de minsken dy't de finale nochris weromsjen wolle, is der ek goed nijs: op snein 11 augustus is dat fan 9.00 oere ôf te sjen op de stjoerder.

(advertinsje)
(advertinsje)