FIDEO: Trije kânshawwers stride om kampioenskip in finale SKS

09 aug 2019 - 14:30

De finale fan it skûtsjesilen hat alles dat nedich is foar in spannende wedstriid. Stevige wyn, iepen wetter, en trije kânshawwers. Grou, Hearrenfean en De Lemmer kinne noch kampioen wurde op de Snitser Mar.

De wedstriid is hjir rjochtstreeks te sjen, mei kommintaar fan Freark Wijma, Eelke Dijkstra en Douwe Visser fan Snits.

It skûtsje fan Grou hat de bêste útgongsposysje. De Grousters binne koprinner yn it klassemint, mei in foarsprong fan 3,1 punten op Hearrenfean. De Lemmer is tredde, 2,9 punten achter Hearrenfean. As Grou winne soe, soe it de tredde kear op rige wêze. Foarich jier wûn Grou nei in sinderjend spannend slotakkoard op de Snitser Mar.

Waarman Piet Paulusma ferwachtet in stevige wyn, fan wynkrêft fjouwer mei útsjitters fan krêft seis. Letter op de dei soe de wyn ôfnimme. De organisaasje wol dêr leaver net op wachtsje, seit wedstriidlieder Wouter Huisman.

"We hâlde it skerp yn de gaten, mar as we sile kinne, dan moatte we sile. As it neffens de ôfspraken kin, dan geane we gewoan los."

De kommisje hat keazen foar in sânglês. Dat is in baan mei twa krúsrakken, en de skûtsjes hoege net te gybjen.

It skûtsje fan Grou is topfavoryt op de Snitser Mar. Skipper Douwe Visser waard al fiif kear kampioen yn de SKS. Hy wûn yn 2005, 2009, 2014, 2017, en 2018. Sytze Brouwer en Albert Visser ha noch noait kampioen west.

Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS
(Advertinsje)
(Advertinsje)