Kuorballer Erwin Zwart sjocht foarút op de WK-finale

09 aug 2019 - 13:39

Foar de alfde kear op rige stean se yn de finale fan it WK: de Nederlânske kuorballers. Tongersdei wûn Oranje yn de heale finale fan Sina, en sneon treffe se yn de finale de ivige tsjinstanner: België. De Belgen hiene it tongersdei noch dreech tsjin Taiwan, mar foar Nederlân gie it frij ienfâldich. Ien fan de Friezen yn de seleksje, Erwin Zwart fan LDODK, soarge foar twa treffers tsjin Sina.

Erwin Zwart yn aksje tsjin Sina - Foto: Marco Spelten, Actiefotografie

It fergiet Zwart prima yn Súd-Afrika. "It is fansels hiel oars, want it kuorbal libbet hjir minder. Mar we fermeitsje ús hjir wol." Neffens him is it WK yn Nederlân en België in wrâld fan ferskil yn ferliking mei dat yn Súd-Afrika. "Kwa publyk en sfear is it wol wat minder." Wat útslaggen oanbelanget, sil der neffens Zwart lykwols neat feroarje.

Moaiste wedstriid fan it toernoai

It hie net in soad skeeld of Oranje hie Taiwan troffen yn de finale. Nederlân moat it no dus opnimme tsjin België. De ôfrûne seis WK's slagge Oranje deryn om te winnen fan it buorlân.

Soe dat dizze kear ek it gefal wêze? "It wie net te ferwachtsjen dat it België wurde soe, want Taiwan hie de lêste kear fan België wûn en België die it by it EK hiel min. Harren wedstriid tongersdei wie hiel moai om te sjen. It is foar ús de moaiste wedstriid fan it toernoai en dêr hawwe we in soad sin oan."

Dochs wol in útdaging

Nederlân en België binne oppermachtich en de lannen binne oan elkoar wage. Neffens Zwart sit der dochs noch wol útdaging yn. "Guon wedstriden binne maklik, mar it is noch wol in útdaging om hjir te stean. Je hearre by de bêste acht mannen fan Nederlân, dat is al in hiele eare. Benammen it trajekt deroan foarôf en it hjir wêzen mei de groep is moai."

Kuorballer Erwin Zwart

Zwart syn foarkar giet dochs nei de wedstriden yn Nederlân sels. "Wy spylje it hiele seizoen troch wedstriden tsjin elkoar en dat bart yn dy oare lannen net. Dêrtroch komme sy ek net op itselde nivo. Dat is in ding dat folle mear barre moat."

De Fryske kuorballer hat der alle betrouwen yn dat Oranje winne sil. "We moatte dy titel pakke, dat is it iennichste doel dat we hawwe."

(Advertinsje)
(Advertinsje)