Pealtsjes op tsjerkhôf Wetsens bliuwe foarearst stean

09 aug 2019 - 12:48

It liket derop dat de pealtsjes op it tsjerkhôf fan Wetsens stean bliuwe. De lytse markearrings binne foar guon omwenners, en de stichting Alde Fryske Tsjerken in griis. En se wolle it leafst dat de pealtsjes fuorthelle wurde.

Foto: Omrop Fryslân

Arjen Wijnsma fan de PKN

Neffens tsjerkerintmaster Arjen Wijnsma fan de PKN Dokkum - Ealsum - Wetsens is it noch net definityf dat de pealtsjes stean bliuwe. "We hebben volgende week weer een vergadering, dan zullen we het erover hebben. Maar ze staan er wel met een bepaald doel en dat moet wel haalbaar zijn."

De lytse swarte pealtsjes mei wite sifers steane der lykwols net foar neat. Se markearje de grêven op it tsjerkhôf. "Vooral als er iemand begraven moet worden, is het belangrijk om te weten waar dat precies moet gebeuren. Dat wordt gedaan door vrijwilligers en zij zijn verantwoordelijk. Als ze dat allemaal moeten opmeten, bestaat de kans dat het een keer fout gaat. Daarom hebben we besloten de graven te markeren."

Kennis oerdrage

No is der ien man dy't al jierren op it tsjerkhôf wurket en presys wit wêr't alle grêven krekt lizze. Mar neffens Wijnsma wurdt dy man ek al wat âlder en sil syn kennis goed oerdroegen wurde moatte. It meitsjen fan in plattegrûn soe net dúdlik genôch wêze. "Je kunt er altijd nog een meter naast zitten. Die paaltjes maken het een stuk gemakkelijker."

Foto: Omrop Fryslân

Der is in soad krityk dat de pealtsjes der net útsjogge. Wijnsma hat dêr sels net sa'n muoite mei. "Je ziet het ook op andere begraafplaatsen. We hebben ook positieve reacties gekregen."

Stichting Alde Fryske Tsjerken sit dermei dat der gjin oerlis west. "Kijk, die begraafplaats is van ons. We kunnen moeilijk eerst met iedereen overleg gaan voeren. We hebben rondgekeken op andere begraafplaatsen om te kijken hoe ze het daar deden en toen hebben we besloten het zo te doen. Smaken verschillen. Je kunt er ook aan wennen."

Trefwurden: 
Wetsens tsjerkhôf pealtsjes
(Advertinsje)
(Advertinsje)