Slotwedstriid beslist kampioenskip SKS: Trije senario's mei trije kânshawwers

09 aug 2019 - 12:39

Der binne noch trije titelkandidaten yn de striid om it kampioenskip fan de SKS. Grou hat de bêste papieren, mar Hearrenfean en De Lemmer kinne beide ek noch winne. Der binne trije mooglike senario's. De slotwedstriid op de Snitser Mar bepaalt alles.

De skûtsjes fan De Lemmer, Hearrenfean en Grou - Foto: ANP

Grou

Grou hat de oerwinning yn eigen hannen. As de Grousters by de earste trije einigje, binne se kampioen, want mei in tredde plak komt Grou op 32,7 punten. Dat is minder as It Hearrenfean, dat no mei 32,8 op it twadde plak stiet.

Hearrenfean

As Grou fjirde wurdt op de Snitser Mar en It Hearrenfean earste, dan komme se beide op 33,7 punten. Dan is it skûtsje dat de lêste wedstriid it bêste sylde, kampioen. Yn dit gefal soe dat Hearrenfean wêze.

It Hearrenfean wint ek as se fjouwer plakken (of mear) foar Grou einigje. As Hearrenfean twadde wurdt, mei Grou dus net by de bêste fiif sitte. En De Lemmer mei net mear as twa plakken foar Hearrenfean einigje.

De Lemmer

De Lemmer wint as se trije of mear plakke foar Hearrenfean einigje, en seis (of mear) foar Grou. Dan moat De Lemmer dus (bygelyks) twadde wurde, Hearrenfean fiifde, en Grou achtste. Yn dit foarbyld soe De Lemmer 37,7 punten krije, Hearrenfean 37,8, en Grou 37,7. Ek hjir jildt dan dat it skûtsje dat de lêste wedstriid it bêste sylde, kampioen wurdt.

De stân

NEI ÔFLÛK MINSTE WEDSTRIID
1 Grou 29,7 14
2 Hearrenfean 32,8 9
3 De Lemmer 35,7 14
4 Akkrum 44,9 14
5 Earnewâld 45 14
6 Huzum 48,3 14
7 Heale Moanne 59 11
8 Ljouwert 64 12
9 De Jouwer 74 13
10 Drachten 77,9 14
11 Snits 79 14
12 De Súdwesthoeke 82 14
13 Wâldsein 92 14
14 Langwar 112 14

De slotwedstriid op de Snitser Mar kin tige spannend wurde. Skipper Douwe Visser fan Grou wit noch goed hoe't it ferline jier wie: doe moast er sels yn de efterfolging op It Hearrenfean. "It is krekt oarsom as foarich jier. Jim witte noch hoe't dat gien is. Der is noch neat definityf."

Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS Snitser Mar
(advertinsje)
(advertinsje)