Sneltsjinst fan en nei Flylân ferfalt fanwegen stoarm

Guon sneltsjinsten fan Rederij Doeksen sille sneon net farre fanwegen de ferwachte stoarm. Dat hat de rederij bekend makke. It giet om de tsjinst fan 14.20 oere fan Harns nei Flylân ta en de rit fan it eilân wer werom nei it fêstelân om 15.20 oere. De sneltsjinst fan en nei Skylge sil sneon wol gewoan neffens tsjinstregeling farre.
Toeristen komme fan de boat fan Flylân © Omrop Fryslân, Joris Kalma