Sensoaren spoare legionella op

04 jul 2012 - 11:59

Yn it sikehûs yn Harns komt mooglik in proef mei in nije technyk om legionella op te spoaren. Troch dy baktearje kin minsken de feteranesykte krije. It sikehûs wurdt oansletten op in meldkeamer dêr't 24 oeren deis mei sensoaren sjoen wurdt oft de baktearje yn de liedingen sit. De provinsje jout in subsydzje fan 180.000 euro om sensoaren yn de liedingen te bouwen.

De technyk is ûntwikkele troch Holland Watertechnology. Dat bedriuw hat in festiging yn Drachten en hopet troch de nije technyk flink te groeien.

De legionellabaktearje sit it leafst yn stilsteand, lij wetter. Om de baktearje te bestriden moatte de liedings faak spield wurde mei hyt wetter. Dat kostet in soad enerzjy en wetter en dus jild. Holland Watertechnology hat al in systeem om mei koper en sulver de baktearje te bestriden.

Trefwurden: 
sikehûs legionella
(advertinsje)