Sylried bepaalt: Huzum ferliest heger berop en is kânsleas yn klassemint SKS

09 aug 2019 - 11:48

De sylried fan de SKS hat it heger berop fan it skûtsje fan Huzum net takend. Huzum hie it berop ynsteld nei in útspraak fan de sjuery, dy't nei de wedstriid by Wâldsein oardielde dat Huzum it skûtsje fan Langwar romte jaan moatten hie nei in falske start.

Op de bylden fan de start is te sjen dat de fok fan Langwar klapperet by it útwiken foar Huzum.

De Huzumers sizze dat se op it stuit fan de sitewaasje mei Langwar noch hielendal net dwaande wienen mei it weromgean nei de startline, en dat se dêrom Langwar gjin foarrang hoegden te haan. De sylried fan de SKS giet dêr net yn mei.

De ried is fan oardiel dat it 'weromgean' rom ynterpretearre wurde moat. En dat in skûtsje dat falsk start, sa goed as fuort en daliks 'weromgiet' om opnij te starten.

Trochdat Huzum dêrtroch de 14 punten hâldt, dy't se krigen by it ferliezen fan it protest, binne se kânsleas yn de kop fan it klassemint.

Drachten wint heger berop

De sylried hat him ek útsprutsen oer it heger berop dat Drachten oanspande nei in oanfarring mei de Súdwesthoeke, yn deselde wedstriid. Beide skûtsjes protestearren tsjin mekoar, neidat se by de ûnderste tonne mei mekoar yn oanfarring kamen.

Der barde mear by de ûndertonne, mar op de bylden binne de skûtsjes fan Drachten en de Súdwesthoeke noch krekt te sjen.

Neffens de sjuery wie der sprake fan twa sitewaasjes, direkt nei mekoar. De sylried is it dêr net mei iens. Beide ynsidinten soene mei mekoar ien sitewaasje foarmje. Dêrtroch jildt de regel dat it skip dat as earste frij by de tonne is, foarrang krije moat.

It skûtsje fan Drachten krijt troch de útspraak fan de sjuery net fjirtjin punten foar de wedstriid by Wâldsein, mar sân. Alle skûtsjes dy't nei Drachten oer de finish kamen, krije in punt mear. Akkrum, de nûmer fjouwer yn it klassemint, krijt der in punt by. Dêrtroch is it ferskil mei de nûmer fiif, Earnewâld, noch mar ien tsiende punt.

Klassemint SKS

NEI ÔFLÛK MINSTE WEDSTRIID
1 Grou 29,7 14
2 Hearrenfean 32,8 9
3 De Lemmer 35,7 14
4 Akkrum 44,9 14
5 Earnewâld 45 14
6 Huzum 48,3 14
7 Heale Moanne 59 11
8 Ljouwert 64 12
9 De Jouwer 74 13
10 Drachten 77,9 14
11 Snits 79 14
12 De Súdwesthoeke 82 14
13 Wâldsein 92 14
14 Langwar 112 14
Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS sylried
(advertinsje)
(advertinsje)