Hoe sit it mei de nije promoasjeregels yn de earste difyzje?

09 aug 2019 - 11:42

Sportklup Cambuur begjint freedtejûn echt oan it nije seizoen: de Ljouwerters moatte op besite by De Graafschap. Trainer Henk de Jong wol graach yn de top-fiif einigje. Yn tsjinstelling ta oare jierren betsjut in fiifde plak net direkt dielname oan de play-offs, want mei yngong fan dit seizoen binne de regels oars.

SC Cambuur - Foto: SC Cambuur

Oant en mei foarich seizoen promovearre mar ien klup direkt fan de earste difyzje nei de earedifyzje. Meastentiids wie dat de kampioen. Dy ruile fan plak mei de nûmer lêst út de earedifyzje.

Dit seizoen promovearje en degradearje twa klups streekrjocht: de kampioen en de nûmer twa fan de earste difyzje geane nei de earedifyzje, de nûmers 17 en 18 fan de earedifyzje degradearje.

Play-offs

Dêrnei stride noch sân klups yn de play-offs om ien lêste plakje yn de earedifyzje: de nûmer 16 fan de earedifyzje, de fjouwer perioadekampioenen fan de earste difyzje en de twa heechste klups yn de earste difyzje sûnder perioadetitel. Dat kinne yn teory de nûmers 3 en 4 wêze, mar ek de nûmers 7 en 8.

Yn de earste ronde fan de play-offs dogge allinnich de seis klups út de earste difyzje mei. Dêrfan geane trije troch nei de heale finale, dêr't ek de nûmer 16 fan de earedifyzje ynstreamt.

Belofteteams telle net mei

By it berekkenjen fan de stannen moatte - wat de ferdieling fan tickets om promoasje oanbelanget - de belofteploegen fan Jong Ajax, Jong Utrecht, Jong PSV en Jong AZ net meirekkene wurde. Sy kinne net promovearje. As ien fan harren bygelyks kampioen wurdt, dan skoot al it boppesteande in plakje op.

(advertinsje)
(advertinsje)