Man (20) smyt fytsen yn Ljouwerter grêft

De plysje hat yn de nacht fan tongersdei op freed yn Ljouwert in man (20) oanhâlden, neidat op kamerabylden te sjen wie dat er fytsen yn de grêft smiet. Dat die er tegearre mei in oantal oare persoanen by it Waagplein. De plysje koe allinnich fan de 20-jierrige Ljouwerter de identiteit efterhelje.
© Google Street View
Handhaving wiisde de plysje op de kamerabylden. Dy slagge deryn de identiteit fan de 20-jierrige man fêst te stellen. De man is oppakt en hat in proses-ferbaal krige foar baldadigens.
De plysje ûndersiket noch oft de fytsen wer opfiske wurde kinne.