Man sjocht te djip yn it gleske en byt persoan yn 'e earm

09 aug 2019 - 10:47

De plysje hat tongersdeitejûn in 49-jierrige man oanhâlden dy't in besiker fan in feestje oan 'e Schieringerwei yn Ljouwert yn 'e earm biet. De man hie te djip yn in gleske sjoen en waard frege it feestje te ferlitten. Dat die er, mar de man kaam lykwols wer werom.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

In oare besiker, it 36-jierrige slachtoffer, frege him op 'e nij om fuort te gean. De dronken man biet de feestgonger dêrop yn 'e earm. It slachtoffer hat oanjefte dien en moast him behannelje litte.

De 49-jierrige man is oanhâlden. Op it plysjeburo moast er in blaastest dwaan. Dêrút die bliken dat er fiersten tefolle alkohol op hie.

Trefwurden: 
Ljouwert Schieringerwei bite
(advertinsje)
(advertinsje)