It Amelân organisearret grutte freerunshow

09 aug 2019 - 10:12

Der komt in grut freerunpark op It Amelân, begjin septimber. It JOGG (Jongeren op Gezond Gewicht) organisearret dizze aktiviteit yn oparbeidzjen mei de gemeente, yn it ramt fan de Amelanner Sportwike.

Foto: ANP

It freerunpark wurdt opset by de Boargemaster Waldaskoalle en de sporthal yn Nes. Der komme profesjonele freerunners út Rotterdam om de show te iepenjen.

Njonken dy show sille de freerunners workshops jaan, om de jeugd op It Amelân de lêste ûntwikkelingen fan it freerunnen by te bringen.

(advertinsje)
(advertinsje)