Njoggende edysje fan metalfestival Into the Grave set útein

09 aug 2019 - 09:02

Metalfestival Into The Grave iepenet freedtemiddei om 15.00 oere wer de poarten. Trije dagen lang wurdt it Aldehoustertsjerkhôf omboud ta festivalterrein. It is de earste kear yn it njoggenjierrich bestean fan dat it festival trije dagen duorret.

Foto: Omrop Fryslân

Ek tongersdeitejûn waard der noch drok wurke oan bygelyks it lûd, de catering en de skermen by it haadpoadium. De persoan dy't dat allegear oersjen moat, is Marieke Peters, haad produksje fan it festival. "Ik kijk om me heen en ik denk: het ziet er inderdaad uit zoals het terrein eruit moet zien de avond voordat het festival opengaat. Dus dat gaat helemaal goed komen", fertelt se.

Into the Grave wurdt hâlden op it Aldehoustertsjerkhôf, middenyn Ljouwert. Dat is wol in útdaging, neffens Peters. "Je loopt wel tegen andere dingen aan dan wanneer je het houdt in een weiland. Wij hebben natuurlijk een beperkte ruimte. Maar die uitdaging vinden we ook wel weer leuk."

Into the Grave - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Peters fynt it bysûnder dat in festival as Into the Grave gewoan op it Aldehoustertsjerkhôf organisearre wurde kin. "Ik vind het zo tof om te zien dat een gemeente akkoord gaat met zo'n locatie voor zo'n festival."

Der hat lykwols in soad diskusje west oer de komst fan it festival nei de Ljouwerter binnenstêd. Mar neffens Peters bart der in soad yn gearspraak mei omwenners en kinne saken as oerlêst goed bepraat wurde. "Je hebt altijd wel iets van mensen die iets zeggen of vinden, maar daar moet je samen uit zien te komen."

Marieke Peters oer de tariedings op it festival

(Advertinsje)
(Advertinsje)