Kollum: "Skûtsjesile"

09 aug 2019 - 08:26

"Op it heden freegje minsken wol gauris oft ik it net spitich fyn dat we net skûtsjesile. Earlik sein: oant no ta noch net. It is sa't it is en dêr ha ik frede mei. We hawwe alve jier syld en dat wie in geweldich moaie tiid. Fiif kear kampioen west, in pear kear twadde en trije prizekasten fol. De Jonge Jan hat foar ivich in spesjaal plak yn ús hert, mar foar it skûtsje fyn ik it wol spitich dat it net meidocht.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Oars hiene we no alwer yn Starum lein en de wiken dêrfoar op kop en earen yn 'e tarieding sitten. De measte boadskippen helje by de Makro, de folchboat opromje en skjinmeitsje. Boadskippen teplak sette, de hynders fuortbringe nei Wier en it hûs skjin achter litte foar ús mem, want sy paste altyd op de oare bisten.

De tsjalk klearmeitsje en foltôgje mei bêdeguod, jassen, sylpakken, learzens, festen, ensfh. It kin in hiele wike bikiniwaar wêze, mar ek klearebare hjerst, dus alles gong mei. Mei de bern en oanhang sieten we mei ús achten op ús tsjalk 'De Drie Gebroeders' en ek al hie elkenien in eigen hut, geandewei de wike lei it rom fol mei handoeken, sokken, ûnderbroeken en Jonge Jan klean.

'Mem, wêr is dit? Mem, wêr is dat?' En wylst de jeugd it drok hie mei silen, swimme, tsjille en op stap gean, besocht ik alle dagen de gaos de baas te bliuwen. Dêr komt by dat Starum faak it lêste plak wie dêr't ik waskje koe, dus de steapel smoarge wask waard geandewei de wike heger. Wa't dan noch in skjin shirt ha woe, moast him rêde mei in tobke wetter en wat Biotex.

Neist ús eigen húshâlding wiene der noch in man as 17 mei. Ik regele de catering, joech moarns foar 10 oere troch hoefolle minsken der wiene mei it iten en hie middeis kontakt oer wêr't se it bringe koene. Ik helle moarns ek noch boadskippen sa as bôleguod en fruit mar dêr hie ik altyd help by en lokkich wie der ek altyd help genôch op 'e folchboat.

Elkenien dy't mei wie, hie om bar alle dagen korvee sadat de folchboat netsjes bleau en mei de famylje en oanhang soargen wy dat de bemanningsleden middeis nei it silen ek wer wat lekkers krigen. Gehakballen, pizzabroadsjes of tostys fan de âlde bôle, brette hânsfuotsjes, wraps; Us bemanning kaam neat tekoart! It iennichste dêr't ik my net mei bemuoide, wie it bier. En de taap makke ik net skjin.

As ponghâlder brocht elkenien it potjild ek by my en sadwaande hold ik alles by yn myn skrift. Oerdei hiene wol gauris gasten op 'e folchboat en al mei al wie it dus bêst in hiele drokte. Wol bearegesellich en farre troch Fryslân is it moaiste dat der is. Ien mei it wetter, betsjoenende loften mar ek wolris nachts ferhelje, omdat it freeslik stoarme.

Op 'e weromreis fan de Lemmer nei hûs, romme ik it measte yn 'e tsjalk wer op en oaren makken dy reis de folchboat skjin. En thús tôgen wy alles wer út de boaten, hellen we de hynders op en hie ik wol in wike wurk om alle wask skjin en drûch te krijen.

Wy sille takom wike grif wolris nei it silen ta, want Hylke is bemanningslid wurden op mar leafst twa skûtsjes. Fierder binne de bern ek in soad op 'n paad, sadat Jelle en ik gauris tegearre thús binne. En sûnder alle tarieding en drokte oerkaam my suver hast it gefoel as ha ik fakânsje. Wy rêde ús dus wol, sit dêr mar net oer yn."

(advertinsje)
(advertinsje)