Partners fan F-16-piloaten yntimidearre troch 'Russen'

09 aug 2019 - 07:55

Partners fan Nederlânske jachtfleaners dy't aktyf wiene by it bewekjen fan it Baltyske loftrom binne thús lestich fallen. Se krigen meardere kearen ûnoangename telefoantsjes fan minsken mei in Russysk aksint, dy't ûnder oare fregen oft harren manlju net better fuortgean koene. Dat skriuwt De Telegraaf. Ek jachtfleaners fan de Ljouwerter fleanbasis wiene belutsen by de bewekkingsaksje.

In F16 - Foto: Shutterstock.com

De Militaire Inlichtingen- en Veiligheidsdienst (MIVD) seit bekend te wêzen mei de praktiken, mar wol der fierder neat oer kwyt. Dêrtroch is it ûndúdlik oft der, krekt as yn 2017, doe't F-16's fan de Keninklike Loftmacht yn de Baltyske steaten aktyf wiene, noch hieltyd neisten fan útstjoerde Nederlânske militêren lestich fallen wurde.

Op dit stuit is de loftmacht net mear aktyf yn East-Europa, mar der sitte yn Litouwen noch wol 270 militêren fan de Keninklike Lânmacht.

(advertinsje)
(advertinsje)