Soad besikers ferwachte by feiling fan antike rydtugen

Mear as 70 antike koetsen, jachtweinen en tilbury's komme der freed yn Noardwâlde ûnder de hammer. It giet om de neilittenskip fan de ferline jier ferstoarne Nico Draaisma út Vledderveen. Hy hie yn Noardwâlde in grutte loads fol mei dizze bysûndere rydtugen.
© Rijtuigenhuis Lyma
Toon van Doorn oer de feiling
It wie Draaisma syn bedoeling dat der ea in museum makke wurde soe fan de rydtugen, mar de bysûndere samling wurdt freed dochs ferkocht.
Neffens Toon van Doorn fan Rijtuigenhuis Lyma giet it om in bysûndere kolleksje en is der in soad belangstelling foar de ferkeap. "Ik verwacht meer dan 1.000 man vandaag. Het gaat om liefhebbers, mensen die al een aantal koetsen hebben staan."

Prizen fariearje

De prizen fan de reauwen fariearje sterk. "Er staan rijtuigen die misschien 300 of 400 euro opbrengen. Maar er staan er ook een paar die voor 30.000 of 40.000 weg zullen gaan."
Ynteressearre keapers kinne freed oan de Molenstrjitte yn Noardwâlde terjochte om de reauwen te besjen. "In die hal lopen vier verkopers rond. Als ze geïnteresseerd zijn, kunnen ze een verkoper op het schouder tikken en vragen hoeveel ze er voor willen. Maar alles wordt vandaag verkocht."