Brânwacht rydt út foar siizjend lûd yn Wynjewâld

09 aug 2019 - 06:55

In siizjend lûd yn in wenning oan de Merkebuorren yn Wynjewâld hat tongersdeitejûn foar opskuor soarge. Buertbewenners hearden it lûd en warskôgen de brânwacht.

Foto: De Vries Media

Omdat de bewenners net thús wiene, trape de brânwacht de achterdoar yn. Ut ûndersyk yn de wenning die bliken dat in wetterkraan yn de kelder lekte. It is net bekend hoe grut de skea yn it hûs is.

(advertinsje)
(advertinsje)