PSV biedt noch net op Narsingh

04 jul 2012 - 11:46

It is noch ûnwis oft Luciano Narsingh (21) fan SC Hearrenfean nei PSV ferhuzet. Neffens PSV freget de fuotbalklup tefolle jild foar de oanfaller. Technysk manager Marcel Brands fan PSV hat wol praat mei foarsitter Robert Veenstra fan SC Hearrenfean, mar in skriftlik bod ha se noch net dien.

Ajax hat ek noch hieltyd belangstelling foar Narsingh. De Amsterdammers diene earder al in bod fan 3 miljoen euro, mar dat is ôfwiisd.

(advertinsje)