Sieraden fan Ljouwerter keunstner selektearre foar Milaan Fashion Week

09 aug 2019 - 06:00

Keunstner Hennie Broers út Ljouwert seach frjemd op doe't se in telefoantsje krige út Italië. Se is útnûge om mei te dwaan oan de ferneamde Milaan Fashion Week yn oktober. Se tocht earst dat it in grap wie: in Ljouwerter keunstner tusken Gucci en Dolce en Gabbana?

Broers makket sieraden en twa fan har brosjes binne útsocht foar de moadewike yn Milaan troch de konservator. De iene brosj is ynspirearre op in gedicht. Dy sierspjelde stelt in frou foar yn in soarte fan spinneweb. De oare is ynspirearre op it Fryske wetter.

Keunstner Hennie Broers oer har sieraden en de Milaan Fashion Week

(advertinsje)
(advertinsje)