CBS: yn noarden minder ekstra deaden troch hjitteweach 2019 as ferline jier

09 aug 2019 - 00:01

By de hjitteweach fan ein july binne yn it noarden minder minsken ferstoarn as by dy fan in jier lyn. Dat hat it CBS berekkene.

Sinne - Foto: Shutterstock.com

Lanlik sjoen ferstoaren der 400 minsken mear as gewoanwei. It giet dan benammen om 80-plussers. It grutste diel fan de slachtoffers komt út East-Nederlân, dêr wie it it waarmst en duorre de hjitteweach it langst.

De hjitteweach wie dit jier fan 22 oant en mei 27 july. Dat is relatyf koart, mar de temperatueren wiene wol ekstreem heech. Earder ûndersyk hat al oantoand dat hege temperatueren en in heger stjertesifer mei-inoar te krijen ha. Mar dat is wol minder sterk as foarhinne: minsken witte no better wat se dwaan moatte as it hiel waarm is, seit it CBS.

Trefwurden: 
CBS hjitteweach hjittegolf
(advertinsje)
(advertinsje)