FIDEO: Skûtsje Akkrum betichte fan yntimidaasje fanwegen protestflagge

08 aug 2019 - 22:52

De protestflagge fan Akkrum hong tongersdei lang as in swurd fan Damokles oer it skûtsje fan Grou. Twa manlju fan it Akkrumer skûtsje tochten dat Grou de tonne rekke hie. Skipper Pieter Meeter hie it sels net sjoen, mar hong wol de protestflagge: "We kunnen ze wel even gek maken, want ze worden op deze manier fluitend kampioen."

Doel fan de protestflagge wie om Grou in rûntsje meitsje te litten, want dêrfan hie Akkrum profitearje kinnen. Mar de Grousters wiene wis dat se de tonne net rekke hiene en trochsette mei de protestflagge seach Meeter net sitten. "Dan had ik naar de jury gemoeten, maar ik heb het zelf niet gezien."

Heit fan Pieter Meeter

Pieter Meeter waard betichte fan yntimidaasje. Dêr woe syn heit neat fan witte: "Omdat er Grou in bytsje matst hat? Nee, Pieter wit dat wa't it hurdst sylt kampioen wurde moat."

Yn 'skûtsjetûk' giet it diskear oer de lêste skipper fan It Hearrenfean dy't kampioen fan de SKS waard.

Fierder ek de reaksjes fan Douwe Visser - dy't net bliid wie mei de protestflagge fan Akkrum - en fan syn twa konkurrinten om de einoerwinning: Sytze Brouwer en Albert Visser.

Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS
(advertinsje)
(advertinsje)