MS-medisyn dochs fergoede, pasjinten bliid: "Door dit medicijn kan ik lopen"

It kontroversjele medisyn Fampyra, dat minsken mei multiple skleroaze (MS) helpt mei rinnen, wurdt ûnder bepaalde betingsten dochs fergoede troch de soarchfersekering. Dat hat minister Bruno Bruins fan medyske soarch bekend makke. Ien fan de MS-pasjinten dy't der baat by hat is Tom Leppink út Koudum: "Ik ben hier ontzettend blij mee."
MS-pasjinten biede hantekeningen oan yn Den Haag út protest tsjin it feit dat Fampyra net mear fergoede waard © ANP
Leppink is 100% ôfkard en hy kin gjin echt wurk mear dwaan. "Ik heb last van heel veel dingen, zoals mijn cognitie", seit er. "Het Fries lukt me ook niet meer zo goed, daarom doe ik nu alles in het Nederlands." Fampyra holp him wol. Doe't er it medisyn yn 2016 krige, hoegde er gjin rolstoel mear te brûken. "Daardoor kan ik nu ook lopen."
Nei't Fampyra oardel jier lyn út de basisfersekering helle waard, wie Leppink ien fan de minsken dy't aksje fierd hat om it werom te krijen. "Nu hebben we eindelijk het goede nieuws gekregen dat het advies van het Zorginstituut aan de minister positief is voor een vergoeding."
Yn april ferline jier waard Fampyra noch út de basisfersekering helle, omdat it net bewiisd wie dat it wurke, neffens it Zorginstituut. Dat ynstitút advisearret de minister oer de gearstalling fan it basispakket.
It beslút late ta protesten fan MS-pasjinten, dy't sizze dat se wol deeglik baat ha by it medisyn. Nei aksjes fan de MS-feriening wurdt it beslút no weromdraaid.
Nei it goede nijs hat Leppink it al drok: "Allerlei mailtjes en berichtjes. Het is allemaal positief, steunbetuigingen aan iedereen, bedankjes aan de MS-vereniging en een aantal politici. Henk van Gerven en Lilian Ploumen zijn het meest actief geweest."
Leppink hat sels ek fan alles dien: "We hebben in januari een demonstratie gehouden, daar was ik woordvoerder. We hebben een petitie aangeboden met 41.000 handtekeningen en zo is het balletje wat harder gaan rollen."
Tom Leppink