Simmeraksje soarch: kantoarmeiwurkers helpe bewenners

Kantoarpersoniel dat iisko's útdielt, te fytsen giet op in duofyts mei kliïnten of de tún oanpakt. Dat dogge se dizze dagen by soarchgroep Kwadrant. De simmeraksje wurdt hâlden om meiwurkers op de wurkflier te stypjen en om wat ûnderfining op te dwaan op dit mêd.
NOCH Kantoarmeiwurkers soarch litte harren sjen oan bewenners tehûs
"Wy hawwe besletten dat wy mei de minsken dy't oars yn de stypjende funksjes sitte, no wat aktyfs dogge: de soarch helpe of wat mei de kliïnten dwaan", fertelt manager Riemie Kalsbeek fan soarchgroep Kwadrant. "Dat soe faker barre moatte. Ien fan de bewenners sei: kom mar ris faker del."
By Skilhiem yn Stiens stiet de iiskarre foar de doar. Bewenners stean deromhinne. Hendrik Hiddema fynt it moai, seit er. En by Parkhove yn Ljouwert is de ICT-ôfdieling drok dwaande yn de tún. "Wy meie alle trije graach túnkje", fertelt ICT'er Edwin Doornenbos. "Wy beseffe ek wol dat de soarchmeiwurkers dêr it net oan tiid hawwe om yn de tún fanwege de grutte tiidsdruk."