Bysûndere sloep presintearre yn Snits: fan recycle plestik en út de 3D-printer

08 aug 2019 - 20:29

Yn Snits wurdt sneon in bysûndere sloep presintearre. It giet om ien dy't makke is fan recycle plestik en út de 3D-printer komt. Dat printsjen is dien troch in bedriuw út Dordrecht, it materiaal is levere troch ôffalferwurker Omrin.

Foto: Omrin

It giet om in sloep fan seis meter lang, dy't elektrysk oandreaun wurdt.

De presintaasje is sneon by de Wetterpoarte. It bedriuw út Dordrecht hat plannen om nei Fryslân te ferhúzjen, omdat hjir ek in testsintrum foar it opnij brûken fan plestik sit.

Trefwurden: 
Snits Omrin sloep 3D-printer
(advertinsje)
(advertinsje)