Túnsintrum tenei sneins ticht

04 jul 2012 - 11:31

Paul Sloos fan túnsintrum Bontebok yn Jonkerslân leit him del by it beslút fan de gemeente. Hy hat gjin nocht mear oan in juridyske striid. Wol sil er noch ien kear besykje de riedsleden oer te heljen. It bedriuw wie fyftjin jier lang alle sneinen iepen, mar dat mei net mear. Opsterlân stiet dat net langer ta. De gemeente wol gjin útsûndering meitsje om't se tinke dat oare bedriuwen ek sneins iepen wolle. Troch it beslút moat Sloos meiwurkers dien jaan yn it túnsintrum. As Sloos him net oan de útspraak hâldt, kostet dat 5.000 euro deis.

Trefwurden: 
túnsintrum
(Advertinsje)
(Advertinsje)