Nederlân wint fan Sina op WK kuorbal en treft België yn finale

08 aug 2019 - 20:13

It Nederlânske kuorbalteam hat him pleatst foar de finale fan it WK yn Súd-Afrika. Sina waard yn de heale finale mei 27-12 ferslein. Nederlân, mei de Friezen Erwin Zwart en Marloes Frieswijk yn de seleksje, treft sneon België yn de finale.

Nederlân hat oant no ta alle wedstriden op it WK ienfâldich wûn, mar it ferskil tsjin Sina is oant no ta it lytst. Yn it earste kwart rûn it noch net geweldich, mar dochs hie Nederlân in lytse foarsprong te pakken: 5-2. Foar it skoft rûn Nederlân fierder út: de ploegen giene mei 14-4 oan de tee. Nei de ein fan it tredde kwart stie der 20-7 op it skoareboerd. Yn it lêste kwart koe Sina noch in bytsje meikomme, wat soarge foar in einstân fan 27-12.

De Fries Erwin Zwart soarge foar twa treffers. Itselde jildt foar LDODK-spylster Marjolijn Kroon. Marloes Frieswijk kaam net oan spyljen ta.

Erwin Zwart yn aksje tsjin Sina - Foto: Marco Spelten, Actiefotografie

Sneon stiet de 'klassike' kuorbalfinale tsjin België op it programma. It hie net folle skeeld of Nederlân hie tsjin Taiwan moatten. Nei de reguliere tiid stie it 19-19 by België - Taiwan. Pas yn de ferlinging wûnen de Belgen mei in 'golden goal'.

Nederlân is yn totaal njoggen kear wrâldkampioen wurden, België ien kear. Dit is it alfde WK.

(advertinsje)
(advertinsje)