Noch ien race om it SKS-kampioenskip: de ferwachtingen fan de top-trije

09 aug 2019 - 09:45

Mei noch ien race te gean om it SKS-kampioenskip fan 2019 binne der noch trije kânshawwers op de titel: Grou, It Hearrenfean en De Lemmer. Hoe sjogge de skippers fan dy trije skûtsjes werom op tongersdei en wat ferwachtsje se fan freed?

Foto: Martin de Jong Fotografie

"Wy ha hjir op De Lemmer grandioas twa kear syld", sei in blide Douwe Visser fan Grou nei de twadde race op De Lemmer. "It rûn, we koene it maklik ha. Genietsjen." Syn skûtsje wûn en naam de kopposysje yn it klassemint oer fan De Lemmer.

Grou hat yn it klassemint no 29,7 punten, It Hearrenfean 32,8 en De Lemmer 35,7. It kin freed mei de lêste wedstriid op de Snitser Mar wer tige spannend wurde. Douwe Visser wit noch goed hoe't it ferline jier wie: doe moast er sels yn de efterfolging op It Hearrenfean. "It is krekt oarsom as foarich jier. Jim witte noch hoe't dat gien is. Der is noch neat definityf."

De Lemmer wie koprinner, mar sakket troch it minne resultaat fan tongersdei werom nei it tredde plak. "It wie in minne dei", sei skipper Albert Visser. "We kamen noch wol ridlik út de start, mar foar de wyn gong it mis. Op in gegeven momint leine we tolfde neffens my. Dan moatte je ynhelje, mar se geane allegear sa hurd."

De kâns op it kampioenskip wurdt wol in stik lytser foar De Lemmer. "Mar it kin altyd noch, dus je moatte noait opjaan. We moatte lekker ûntspannen dy wedstriid yn en sjen dat we by de earsten komme. Dêrnei mar sjen hoe't Grou en It Hearrenfean it dogge. We moatte yn alle gefallen op it poadium bliuwe."

"Der kin noch fan alles gebeure"

Tusken Grou en De Lemmer yn it klassemint stiet It Hearrenfean noch. Skipper Sytze Brouwer en syn bemanning begûnen tongersdei net goed, mar se fochten har noch werom nei in fiifde plak.

"Je kinne better wat foaroan begjinne", sei Brouwer nei ôfrin. "It wie op sich wol in goede wedstriid fan ús, mar we hiene leaver wat foaryn sitten. We ha striden foar wat we wurdich wiene." It bart de lêste dagen wol faker dat It Hearrenfean in ynhelslach meitsje moat. "De lêste twa dagen wol. We hiene hjoed ek wat pech by de start. Súdwesthoeke docht mar wat." Dêrom hie It Hearrenfean even de protestflagge tsjin Súdwesthoeke, mar dêr setten se net mei troch. "Sy hiene ek wat arguminten."

Mei noch ien race te gean hat It Hearrenfean in efterstân fan 3,1 punten op koprinner Grou. "We tochten dat it mear wie. Der kin noch fan alles gebeure, we kinne der fierder noch net al te folle fan sizze."

(advertinsje)
(advertinsje)