Omrin-direkteur: lanlike ôffalproblemen ha gjin gefolgen foar hûssmoargens hjir

08 aug 2019 - 18:51

De lanlike problemen mei de ferwurking fan ôffal hawwe gjin gefolgen foar it ynsammeljen fan hûssmoargens yn Fryslân. Dat seit direkteur John Vernooij fan de Fryske ôffalferwurker Omrin.

Foto: Omrop Fryslân

By in ôffalferwurker yn Amsterdam binne fjouwer ferbrâningsovens bûten gebrûk steld fanwegen feillichheidsproblemen. Dêrtroch is in tekoart oan ferwurkingskapasiteit ûnstien. Yn Fryslân springt ôffalferwurker Omrin by. Sy ha al 500 ton ôffal oernaam fan Amsterdam dat no ferwurke wurdt op It Hearrenfean. Dat is wol it maksimum, seit John Vernooij. "Deze 500 ton per week kunnen we erbij hebben, maar meer niet. Onze installaties hebben een bepaalde capaciteit."

Sa'n probleem as yn Amsterdam sjocht Vernooij yn Fryslân net gau gebeuren. "We hebben vorig jaar wel wat problemen gehad met de oven in Harlingen, maar toen hadden we snel een technische oplossing. De kans dat de oven echt uitvalt acht ik niet groot."

"Smet op het imago"

Vernooij fynt de problemen yn Amsterdam spitich foar de brânsj fan de ôffalferwurking. "Als je dit probleem niet opgelost krijgt, dan is het een smet op het imago van de hele branche."

Binnen de brânsj wurdt der in protte oer praat. Ek oer mooglike oplossingen. Ien dêrfan is om gjin ôffal mear út it bûtenlân mear te ymportearjen. Dat smyt in nij probleem op, seit Vernooij. "Degenen die afval importeren, hebben contracten. Als je de import tegenhoudt, moet daar ook voor betaald worden. En wie gaat dat doen?"

Trefwurden: 
Omrin ôffal Amsterdam
(advertinsje)
(advertinsje)