Natuereilantsjes yn De Moarre

04 jul 2012 - 11:25

Yn de mar De Moarre by Himmelum begjint nije wike de oanlis fan twa eilantsjes. Dit wurdt dien om't it farferkear op it Johan Frisokanaal drokker wurde sil troch de útwreiding fan de Johan Frisoslûs yn Starum. Om de natuer te kompensearjen wurde de eilannen oanlein. De eilannen binne net bedoeld foar rekreaasje en sille sompich wurde.

Yn it natuergebiet by De Moarre libje ûnder oare de Noardske wrotmûs en beskerme fûgelsoarten. Mei de eilannen wurdt har leefgebiet fergrutte. It wurk moat yn septimber klear wêze.

Trefwurden: 
natuer De Moarre
(advertinsje)
(advertinsje)