Frijwilligers ha goed 3200 kilo oan smoargens fan Waadeilânstrannen helle

08 aug 2019 - 18:16

It skjinmeitsjen fan de strannen fan de Waadeilannen hat goed 3200 kilo oan smoargens opsmiten. Dat meldt de Stichting De Noordzee, dy't de opromaksje organisearret.

Der wurde plastik pûden útdield oan de frijwilligers op Skiermuontseach - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

By it opromme smoargens siet ek guod ôfkomstich fan de MSC Zoe, dy't begjin dit jier konteners ferlear. It giet dan ûnder oare om kuorren, lampepitten en in hiel soad lytse plastic kerrels.

It opromjen fan de Waadeilannen begûn op 1 augustus. Mei-elkoar hawwe hast 500 frijwilligers deroan meiwurke. Dy fûnen krekt wat mear ôffal as ferline jier.

De aksje giet de kommende wiken noch troch op de oare Noardseestrannen.

Sa gie it oprêden fan it swalkôffal ferline wike:

(advertinsje)
(advertinsje)