Bemanningslid Grou Anne Tjerkstra (73): "Ik bin noch sa fûl as tou"

08 aug 2019 - 17:31

Hy is miskien wol it âldste bemanningslid fan de SKS-float: Anne Tjerkstra. Al jierren sylt de 73-jierrige man by Grou en hy tinkt der noch net oer nei om op te hâlden.

Foto: Omrop Fryslân

"Ik fiel my net âld. Ik haw gjin hichtefrees en ik bin krekt sa fûl as tou", seit Tjerkstra tsjin ferslachjouwer Geartsje de Vries. "Ik sis altyd mar: skûtsjesilen is net oan leeftiid bûn."

Ferslachjouwer Geartsje de Vries praat mei Anne Tjerkstra

Tjerkstra is al sa'n sechstich jier belutsen by it skûtsjesilen. Hy hat skipper west op Langwar en De Jouwer. No't er bemanningslid is fan Grou, hat er in frije rol oan board. "Ik sit om de mêst hinne en advisearje in bytsje", fertelt er.

Syn meast yndrukwekkende rol is as er de mêst yn moat. "Dat doch ik as der wat oan de stroppen barre moat. Yn it foar doch ik dat ek, dêrom wit ik presys hoe't dy knopen lizze."

Sa sjocht it derút as Tjerkstra de mêst yn giet. Dit wie woansdei by de wedstriid yn Terherne:

Op it wetter binne je tsjinstanner en nei de tiid kinne je in bierke drinke.

Anne Tjerkstra

Tjerkstra tinkt der eins net oer nei oft hy ophâlde sil. Dêrfoar fynt er it fierstente moai. "De hiele famylje, alle kennissen, kunde en bemanningen fan de oare skippen, dy sjochst dan wer mei it Skûtsjesilen. Dat jout in gefoel fan datst derby hearst en dat it ien grutte leafhawwerij is. Op it wetter binne je tsjinstanner en nei de tiid kinne je in bierke drinke."

Twa jier lyn hat it programma Fol Fjoer in portret makke oer Anne Tjerkstra. Dat is hjir te sjen.

Trefwurden: 
Grou SKS Anne Tjerkstra
(advertinsje)
(advertinsje)