Friezen triuwe it measte yn de kollektebus fan it Oranje Fonds
Friezen ha dit jier it measte jild jûn oan de kollektanten fan it Oranje Fonds. Dat is foar it tredde jier op rige. Mei-inoar waard dit jier yn Fryslân 32.464,71 euro ophelle, op in totaalbedrach fan hast in heal miljoen euro.
Skiermûntseach is fan alle gemeenten yn hiel Nederlân it golste. Minsken op it eilân diene yn trochsneed 1,40 euro yn de kollektebus. Dat is flink mear as de gemeenten dy't op it twadde en tredde plak steane. Yn Renswoude en Eersel kaam der 85 en 74 sinten yn de bus.
It Oranje Fonds stipet projekten dy't meihelpe oan in sosjalere mienskip.