Nij by Omrop Fryslân: Cambuur Sjoernaal

08 aug 2019 - 17:00

Omrop Fryslân komt dit fuotbalseizoen mei in spesjaal Cambuur Sjoernaal. Dêr sit in gearfetting yn fan de wedstriden fan Cambuur, reaksjes op de wedstriid en it lêste nijs oer de klup.

It Cambuur Sjoernaal komt altiten ien dei nei de wedstriid op de telefyzje en is ek online te sjen op Omropfryslan.nl en yn de app. Omdat Cambuur de measte wedstriden op freedtejûn spilet, is it Cambuur Sjoernaal faak op sneons te sjen, nei it nijsprogramma Fryslân Hjoed. As Cambuur op in oare dei spilet, is it Cambuur Sjoernaal ek de dei dêrnei te sjen by Omrop Fryslân.

De Ljouwerters begjinne op freed 9 augustus oan it nije seizoen yn de earste difyzje. Dat is fuortendaliks in spesjale wedstriid, want Cambuur moat op besite by De Graafschap. Dat is de ploech dêr't it Ljouwerter trainersduo Henk de Jong en Sandor van der Heide ferline seizoen aktyf wie.

De Graafschap - SC Cambuur is fan 20.00 oere ôf live te folgjen op Omrop Fryslân Radio. It earste Cambuur Sjoernaal is sneon om 18.40 oere te sjen op telefyzje en online. It wurdt dêrnei ek alle oeren werhelle op telefyzje.

Dat it allinne in Cambuur Sjoernaal is en gjin fuotbalsjoernaal mei ek fan alles oer Sportklup Hearrenfean hat mei rjochten te krijen. Omrop Fryslân hat wol it rjocht om gearfettingen út te stjoeren fan wedstriden yn de earste difyzje. Foar earedifyzjewedstriden jildt dat we pas 72 oeren nei de wedstriid bylden útstjoere meie en dan ek nochris minder bylden as fan wedstriden út de earste difyzje.

Sportcast

En dat is noch net alles. Eltse moandei hawwe we ek de Sportcast. Eltse moandei skowe sportferslachjouwers Arjen de Boer, Roelof de Vries, Andor Faber of Geert van Tuinen oan. Under lieding fan Jantine Weidenaar of Andries Bakker prate se oer Hearrenfean en Cambuur, it lêste nijs en de lêste ûntwikkelingen. Mar ek it oare sportnijs komt oan bod. Fan it reedriden oant keatsen en fan shorttrack oant Nyck de Vries; we hawwe it der efkes oer.

(advertinsje)
(advertinsje)