"As de pols út de polshâlder waait, giet FK fierljeppen net troch"

08 aug 2019 - 16:46

Hoe komt it mei it Frysk kampioenskip fierljeppen takom sneon. Dat is in fraach dy't in soad ljeppers en de organisaasje fan it FK harsels stelle. Mei de minne waarsfoarútsjoggen mei hurde wyn en buien is it net wis oft de wedstriid wol trochgean kin.

Foto: Martin de Jong

De grutste tsjinstanner is rein, fertelt Anna Martha van der Mei, foarsitter fan de fierljepklup yn Winsum en ferantwurdlik foar de organisaasje fan it FK. "It is noch wat te betiid om foar sneon no al te sizzen oft it wol of net trochgiet. Wy sjogge der moarn wer nei en oerlizze dan ek mei de technyske kommisje en feriening."

By rein net springe

"As it reint, kin der net sprongen wurde. Dêr binne regels foar. De wedstriid wurdt stillein. Dat mei op syn heechst in oere duorje. Dêrnei wurdt de wedstriid op in oare dei ynhelle. Yn dit gefal soe no snein ideaal wêze, mar dan moat it waar wol meiwierje."

As de pols út de hâlder waait...

"Foar hurde wyn hawwe wy as stelregel: as de pols út de polshâlder waait, springe wy net. Dat der gjin fêste regels foar wyn binne, komt omdat it foar elke skâns wer oars is. Sa stiet yn Winsum in tribune súdwestlik fan de springskâns. Dus as de wyn súdwestlik is, wurdt er keard troch dy tribune." Mar as de wyn krêft 8, 9 of 10 is, dan tinkt Van der Mei net dat de wedstriid trochgiet. De kâns bestiet ek dat se wol begjinne, dat de wedstiid stillein wurdt en letter of op in oare dei ôfmakke wurdt. As it mar feilich is, seit Van der Mei. "Wy oerlizze moarn wer en meitsje dan bekend wat it wurdt, ûnder oare yn it Fierljepkafee op Omrop Fryslân radio."

FK fierljeppen live by Omrop Fryslân

Op sneon 10 augutstus, is it Frysk kampioenskip fierljeppen fan 13.30 oere ôf live te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. De presintaasje leit dy dei yn hannen fan Gerrit de Boer. It kommentaar komt fan Freark Wijma en Bart Helmholt skoot by beide oan as analist en ko-kommentator. Foar de minsken dy't de finale nochris weromsjen wolle, is der ek goed nijs: op snein 11 augustus is dat fan 9.00 oere ôf te sjen op de stjoerder.

(advertinsje)
(advertinsje)