Grou wint alwer op De Lemmer en nimt kopposysje yn klassemint oer

08 aug 2019 - 18:04

Grou hat ek de twadde dei fan it skûtsjesilen op De Lemmer wûn. Mei de oerwinning yn de op-en-del-rûte docht it skûtsje fan skipper Douwe Visser geweldige saken yn it klassemint, want sy nimme de kopposysje oer. "Wy ha hjir op De Lemmer grandioas twa kear syld. It rûn, we koene it maklik ha. Genietsjen."

Akkrum is twadde wurden, Súdwesthoeke tredde. De twa grutste konkurrinten fan Grou, It Hearrenfean en De Lemmer, waarden respektyflik fiifde en achtste. Sy stiene op ien en twa yn it klassemint, mar moatte no freed yn de lêste wedstriid yn de efterfolging.

Grou hat yn it klassemint no 29,7 punten, It Hearrenfean 32,8 en De Lemmer 35,7. It kin freed mei de lêste wedstriid op de Snitser Mar wer tige spannend wurde. Douwe Visser wit noch goed hoe't it ferline jier wie: doe moast er sels yn de efterfolging op It Hearrenfean. "It is krekt oarsom as foarich jier. Jim witte noch hoe't dat gien is. Der is noch neat definityf."

Protestdriging Akkrum tsjin Grou

De oerwinning fan Grou like earst noch ûnder foarbehâld, want Akkrum hie de reade protestflagge tsjin Grou. Oanlieding wie dat Grou mooglik in tonne rekke hie. Flak foar de finish hie Akkrum de flagge der wer út.

Se ha ús yntimidearre oant de ein. Lullich as sy dat sa wolle.

Douwe Visser fan Grou oer Akkrum

De winnende skipper Douwe Visser wie net bliid mei de flagge fan Akkrum: "We ha 'm mei de gyk net rekke en mei it skip ek net. Sy hiene de flagge der direkt yn en drigen dat we in rûntsje meitsje moasten. Mar we binne net hielendal gek. Se ha ús yntimidearre oant de ein. Lullich as sy dat sa wolle, mar bliid dat se 'm derút hellen."

Visser wie wis se de tonne net rekke hiene: "Ik tink dat we der wol twa meter ôf sieten. We wiene net iens yn de buert."

De start yn de Lemster baai wie benammen goed fan de Súdwesthoeke en Grou. Net ferrassend: Súdwesthoeke wûn ferline jier beide wedstriden op De Lemmer en Grou wie woansdei ek al de sterkste. Drachten wie falsk en begûn dêrom efteroan. It Hearrenfean en De Lemmer begûnen striemin oan de wedstriid.

Stadichoan klom It Hearrenfean wol wer wat plakjes. Grou wie doe lykwols al fier fuort. Dy hie alle romte om de baan optimaal te benutten en de tonnen strak te rûnjen. Dêrefter koe ek Akkrum frij sile: in grutte efterstân op Grou, mar in grutte foarsprong op de rest fan it fjild.

It skûtsje fan Grou - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Efter Grou en Akkrum wie in grutte striid. Skipper Sytze Brouwer fan It Hearrenfean like de skea yn it klassemint te beheinen, dy't se earder dizze wedstriid oprûn hiene. Earst passearren se Huzum, doe d'Heale Moanne en dêrnei ek nochris Earnewâld. Uteinlik foel It Hearrenfean dochs wer wat werom. Se kamen as fyfde oer de finish.

"Je kinne better wat foaroan begjinne", sei Brouwer nei ôfrin. "It wie op himsels wol in goede wedstriid fan ús, mar we hiene leaver wat foaryn sitten. We ha striden foar wat we wurdich wiene." It bart de lêste dagen wol faker dat It Hearrenfean in ynhelslach meitsje moat. "De lêste twa dagen wol. We hiene hjoed ek wat pech by de start. Súdwesthoeke docht mar wat." Dêrom hie It Hearrenfean even de protestflagge tsjin Súdwesthoeke, mar dêr setten se net mei troch. "Sy hiene ek wat arguminten."

Mei noch ien race te gean hat It Hearrenfean in efterstân fan 3,1 punten op koprinner Grou. "We tochten dat it mear wie. Der kin noch fan alles gebeure, we kinne der fierder noch net al te folle fan sizze."

De Lemmer: minne dei

Sa'n grutte ynhelslach koe Albert Visser fan De Lemmer net meitsje: sy einigen as achtste. "It wie in minne dei", sei Albert Visser. "We kamen noch wol ridlik út de start, mar foar de wyn gong it mis. Op in gegeven momint leine we tolfde neffens my. Dan moatte je ynhelje, mar se geane allegear sa hurd."

De kâns op it kampioenskip wurdt wol in stik lytser foar De Lemmer. "Mar it kin altyd noch, dus je moatte noait opjaan. We moatte lekker ûntspannen dy wedstriid yn en sjen dat we by de earsten komme. Dêrnei mar sjen hoe't Grou en It Hearrenfean it dogge. We moatte yn alle gefallen op it poadium bliuwe."

Utslach by De Lemmer II

1 Grou
2 Akkrum
3 Súdwesthoeke
4 Ljouwert
5 It Hearrenfean
6 Earnewâld
7 Heale Moanne
8 De Lemmer
9 Huzum
10 Drachten
11 De Jouwer
12 Snits
13 Wâldsein
14 Langwar

Klassemint nei De Lemmer II

Nei ôflûk Minste wedstriid
1 Grou 29.7 14
2 It Hearrenfean 32.8 9
3 De Lemmer 35.7 14
4 Akkrum 41.9 14
5 Earnewâld 45 14
6 Huzum 48 14
7 Heale Moanne 59 11
8 Ljouwert 64 12
9 De Jouwer 73 13
10 Snits 79 14
11 Súdwesthoeke 82 14
12 Drachten 84.9 14
13 Wâldsein 91 14
14 Langwar 111 14
(Advertinsje)
(Advertinsje)