SWF klear foar besite Beatrix

04 jul 2012 - 11:17

De Súdwesthoeke is klear foar de besite fan keninginne Beatrix freed. De lêste saken binne woansdei regele troch de kommissaris fan de Keninginne en de boargemasters Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân en Willem Hoornstra fan Gaasterlân-Sleat. It giet om in wurkbesite.

Beatrix komt mei de helikopter oan yn Heech en giet dan fierder mei de bus, in boat of te gean. Sa docht se tusken 10.00 en 17.00 oere Heech, Wâldsein, Balk, It Heidenskip en Warkum oan. De measte aktiviteiten fine plak bûten it sicht fan it publyk.

Trefwurden: 
Súdwest-Fryslân Beatrix
(advertinsje)