Nicole Steigenga op lêste momint oproppen foar EK hurdfytsen

Nicole Steigenga fan Eksmoarre sil freed meidwaan oan it Europeesk kampioenskip hurdfytsen yn Alkmaar. Se is op it lêste momint oproppen om Yara Kastelijn te ferfangen.
© www.orange-pictures.nl
Kastelijn die tongersdei noch wol mei oan de tiidrit yn Alkmaar, mar moast dêrmei ophâlde omdat se siik wie. Dêrom besleat bûnscoach Loes Gunnewijk om de 21-jierrige Steigenga op te roppen.
Har teamgenoaten binne Maaike Boogaard, Lonneke Uneken, Amber van der Hulst, Nina Buijsman en Karlijn Swinkels. De start is freed om 12.00 oere.