Miljeufederaasje yn ferset tsjin sinnepark Easterwâlde

08 aug 2019 - 14:18

De Friese Milieu Federatie is tsjin de komst fan in nije sinnepark by Easterwâlde. As it trochgiet komt it sinnepark, fan 51 bunder grut, neist de N381. Mar neffens de federaasje is net goed nei de omjouwing sjoen foar dit plan.

Foto: Omrop Fryslân

"Er wordt zonder goed naar de omgeving te kijken zo'n groot park neergezet", seit Arnoud de Vries fan de Friese Milieu Federatie. Hy fertelt dat it gebiet it âlde beekdal wie fan de rivier it Kleindiep. "De waterloop van dit beekdal is nog deels intact. Als hier zonnepanelen worden geplaatst, is het niet meer mogelijk dit beekdal te herstellen."

Arnoud de Vries hat soargen oer it sinnepark by Easterwâlde

De federaasje hat de beswieren al meardere kearen besocht dúdlik te meitsjen oan de gemeente, mar dêr is oant no ta net nei harke. Se binne benaud dat der yn de takomst mear fan soksoarte plannen komme, sûnder rekken te hâlden mei it lânskip. En dat dat wjerstân en úteinlik fertraging opsmyt foar it opwekken fan duorsume enerzjy.

Ein ferline jier hawwe bewenners ek al krityk utere op de plannen.

De Vries: "We hebben dat gezien bij de windmolenparken. Daar zag je dezelfde ontwikkeling. Er werden windmolens lukraak ergens neergezet. Er is steeds meer weerstand tegen ontstaan en nu is het zelfs zo dat er bijna geen enkele windmolen op land neergezet kan gaan worden," Mei dit berop tsjin it sinnepark wolle se besykje dat foar te kommen.

Sinnepanielen boppe parkearterreinen

Der binne neffens de Vries genôch opsjes om sinnepanielen kwyt te kinnen. "Bijvoorbeeld het bedrijventerrein dat ernaast ligt. Daar kan je best een stuk van gebruiken. Op bijna geen enkel dak liggen zonnepanelen, daar kun je nog veel meer ruimte winnen." Dêrneist komme der ek hieltyd mear sinnepanielen boppe parkearterreinen op peallen. Dan kinne minsken dêrûnder parkearje.

(advertinsje)
(advertinsje)