Troch fiskersnet slim ferwûne seehûn fan Skiermûntseach ynsliepe litten

08 aug 2019 - 14:15

In seehûn dy't snein by Skiermûntseach troch frijwilligers fan de EHBZ (Eerste Hulp Bij Zeezoogdieren) opfongen is om't sy yn in fiskersnet tangele siet, is ynsliepe litten yn Zeehondencentrum Pieterburen. Har ferwûnings wiene te slim om it bistje wer sûn te krijen, de seehûn hie grutte snijwûnen yn de rêch, nekke en pols. Foto's fan de ferwûningen makken in soad los op sosjale media.

Seehûn Ula, mei noch mar in lyts part fan har ferwûningen - Foto: Zeehondencentrum Pieterburen

Zeehondencentrum Pieterburen hâldt minsken op 'e hûd hoe wichtich it is dat strannen en de see skjin bliuwe moatte.

Drinkeling op Skiermûntseach

Moandei waard de seehûn nei Pieterburen ta brocht. It bistje wie foar snein al sjoen tusken It Amelân en Skiermûntseach. Sneintejûn krûpte it bist deawurch it strân op. Troch in lyts stik nylon-fiskersnet net wie de seehûn slim ferwûne. Yn it seehûnesintrum binne de wûnen skjinmakke en foarearst behannele.

Ula, 'juwiel fan de see'

De seehûn waard Ula neamd, 'juwiel fan de see.' Nei twa dagen die bliken dat Ula har pols net brûke koe om't pezen en spieren trochsnien wiene en ien bonke út 'e dop. De foarpoat fan Ula soe nea mear werstelle kinne. Dêr kin in seehûn net sûnder en dêrom is besletten Ula ynsliepe te litten.

(advertinsje)
(advertinsje)