Cambuurtrainer Henk de Jong begjint kompetysje freedtejûn mei bysûndere wedstriid

Henk de Jong hat nocht oan de kommende kompetysje. SC Cambuur set freed útein mei in útwedstriid tsjin De Graafschap. It is in bysûndere wedstriid foar de Cambuurtrainer, dy't ferline jier noch trainer yn Doetinchem wie.
Henk de Jong
"Foar my is it wol spesjaal, ja. Foar de spilers net. Foar de spilers is it in gewoane wedstriid," seit De Jong. "Mar ik haw der nocht oan. Nei goed seis wiken tarieding is it goed dat wy no úteinsette." Cambuur docht dat mei in seleksje dy't de ôfrûne moannen in flinke ympuls krigen hat, mar it liket derop dat der noch wol wat bykomme sil. De Jong: "Wy sjogge noch hieltyd om ús hinne. Mar ik bin no al hiel bliid mei de groep dy't ik haw."
© ANP
De Cambuurtrainer sjocht mei optimisme nei it kommende seizoen. Der sille sa'n seis oant acht klups wêze dy't foar de prizen spylje. "Dêr wolle wy by wêze. Yn april stiet it yn de kompetysje wol sa as it wêze moat".
Cambuur belibbet in drege kompetysjestart: nei De Graafschap út folget Go Ahead Eagles thús en NAC Breda út. It kin samar wêze dat der yn dy earste trije wedstriden net al te folle punten helle wurde sille. Mar De Jong sjocht dus fierder en hat der alle betrouwen yn dat Cambuur meispilet om de prizen.
Erik Schouten
Dat fynt ek de nije oanfierder, Erik Schouten: "Cambuur moet spelen voor de play-offs. Dat kan met deze groep." Schouten wit ek dat der noch in oanfolling komme kin op de seleksje. "Dat is goed. Hoe sterker we worden hoe beter het is, ook al zou dat voor mij concurrentie betekenen in het centrum van de verdediging."
Nei alle gedachten wurdt de opstelling fan Cambuur: Stevens; Van Deelen, Schouten, Mac-Intosch, Sambissa; Maulun, Hoedemakers, Jacobs; Kallon, Mühren, Korte.